In Frysk earbetoan oan Leonard Cohen
Troch de Partisanen
Tolve Fryske artysten bringe in earbetoan oan Leonard Cohen. De âlde Kanadees, dy’t noch dizze hjerst troch Europa toert, is al troch in soad oaren covered, mar de wize wêrop’t dizze cd + dvd ta stân kommen is, is wol hiel bysûnder. Yn in live-setting namen de artysten allegear ien ferske op, mei ferskate muzikanten yn in wikseljende gearstalling. Fan dizze nûmers is in live-registraasje makke mei audio- en fideo-opnames.
De oarsprong fan it projekt leit by Bart Kingma en Harry Zwerver. Bart sette de ferskes fan Cohen oer yn it Frysk en betocht tegearre mei audiotechnikus Harry it idee om der in sammelplaat fan te meitsjen mei in divers selskip.
Tegearre mei arranzjeur en muzikaal lieder Peter van der Zwaag is dêrnei wiidweidich socht nei de bêste wize om it projekt muzikaal foarm te jaan. Artysten waarden benadere en ‘typecaste’. Dat de ‘grand old man’ fan de Fryske folkmuzyk Roel Slofstra de meast geskikte man wie om Suzanne te sjongen. Nynke Laverman bliek al jierrenlang ûnder de yndruk te wêzen fan Jeff Buckley’s Hallelujah. Gurbe Douwstra hie alle lp’s út de begjinjierren noch op ‘e souder lizzen en krige dus in ferske fan Cohens earste album tawiisd: the stranger song.
Sa krijt it projekt stadichoan foarm. Yntusken hienen de inisjatyfnimmers keazen foar opnames yn in live-setting op in wat rûge lokaasje. It each foel op in prachtige âlde pleats yn Boer, by Frjentsjer, wêr’t it reade strykljocht it gouden spinreach mei in glinstering ôfdale lit nei it brune hea. In echte partisanen-sfear.
Mei de muzikanten Peter van der Zwaag, Hubert Heeringa, Christiaan van Hemert, Ward Veenstra, Johannes Adema en Sytze Huisman koenen de artysten rekkenje op alsidige begelieding, wêryn’t elk foldwaande romte krige om stal te jaan oan syn eigen nûmer.
Elske de Wall skreau in eigen arranzjemint foar Dance me to the end of love, Auke Busman en Robbie van Wieren pakten mei folle besetting út yn respektivelik So long, Marianne en First we take Manhattan, Jaap Louwes liet de fioel in haadrol spylje yn Famous blue raincoat, Gerbrich van Dekken brocht Hey, that’s no way to say goodbye yn in country-achtich sentimint, Piter Wilkens naam syn eigen sjongeres mei foar Lover lover lover, Gerrit Breteler skreau sels in tekst op If it be your will en Mariusz song prachtich Take this waltz.